Brommer mei motorblok derûnder

17 aug 2011 - 11:28

In jonge (17) út Ljouwert is tiisdei syn brommer kwytrekke. Hy hie dêr it motorblok fan in motor ûnder set. De brommer koe dêrmei in snelheid fan 95 kilometer helje.

De plysjes seagen de Ljouwerter op de Nijstêd riden en setten him fanwege it bysûndere motorblok oan de kant. In brommer mei net hurder as 45 kilometer yn de oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)