Jonge mei mes bedrige
De plysje hat tiisdeitenacht yn Koudum in jonge (18) út Assen oanhâlden. Hy hie in jonge (17) út Aldemardum mei in mes bedrige. De Drint krige rúzje mei in groep jongerein fan Himmelum, Koudum en Bakhuzen. De jonge út Aldemardum woe de rúzje delbêdzje, mar waard mei in mes bedrige.
Tsjin de fertochte is proses-ferbaal opmakke.