Topdrokte op bernebuorkerij

16 aug 2011 - 20:15

De nominaasje as leukste útstapke fan Fryslân fan de ANWB soarget foar topdrokte by bernebuorkerij Doniastate yn Stiens. De besikersoantallen yn de boufakfakânsje binne dit jier folle heger, wylst it waar folle minder is.

De belangstelling komt sels fan bûten de provinsje. Sa hat de bernebuorkerij al skoalreiskes yn de aginda stean foar takom jier fan skoallen út Grinslân, Drinte en Noard-Hollân. Op de bernebuorkerij wurkje ferstanlik handikapten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)