Omtinken foar Jouster held

© Omrop Fryslân
De Jouwer krijt op 3 septimber in plakette ta eare fan âld-Jouster Heije Schaper. Schaper wie in aventurier, in fleaner en fersetsheld en skopte it yn de jierren 50 en 60 ta generaal en steatssiktaris fan Definsje.
Schaper waard berne yn 1906 op De Jouwer en ferstoar yn 1996 yn Den Haach. De plakette komt der op inisjatyf fan it Histoarysk Wurkferbân Skarsterlân dy't mear omtinken ha wol foar Schapers fersetswurk en syn betsjutting foar de luchtmacht.