Natoerkemping De Leijen slút

16 aug 2011 - 17:18

Steatsboskbehear slút it natoerkampearterrein oan 'e Leijen by De Rottefalle. De natoerorganisaasje slút mear kampearterreinen omdat se net mear fan dizze tiid binne. Fan de lanlik 75 terreinen gean sân ticht, fjouwer binne al ticht. Yn Fryslân hat Steatsboskbehear tsien kampearterreinen. Dêrfan ferdwynt allinne De Grinspôle oan 'e Leijen. Dat bart mei yngong fan 1 jannewaris oar jier. De Pomp by Kollumerpomp en de Lange Paal op Flylân binne fernijd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)