Ofskie fan Korbach

Der wurde minsken út it hiele lân ferwachte foar de betinking fan Fritz Korbach. Dat lit Cambuurdirekteur Van den Belt witte. De betinking is tongersdeitejûn fan sân oant njoggen oere yn it Cambuurstadion.
Korbach leit yn in iepen kiste yn 'e sakeklup. Dêr kinne supporters en oare belangstellenden ôfskie fan him nimme. Dêrnei kin der neipraat wurde op 'e haadtribune. Der wurde gjin taspraken hâlden. Korbach wurdt freed yn besletten kring kremeard.