Henk Regts wint by Heech

16 aug 2011 - 16:40

Henk Regts is mei syn skûtsje Ut en thús winner wurden fan de tredde IFKS-wedstriid skûtsjesilen op de Hegemermar. Twads waard de Lytse Lies, it skûtsje fan skipper Tony Brundel dat moandei swiere skea oprûn mei in oanfarring. Treds waard Kees Jonker.

It skûtsje fan Delmer Los sloech healwei de wedstriid om, rekke ek noch in fok kwyt en moast de striid opjaan. Walter de Vries kaam ek yn de problemen. De gaffel fan syn skûtsje rekke los. Letter koe er fierder farre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)