Hese, Türk ien wedstryd skorst

Sportklup Cambuur moat it freedtejûn tsjin Den Bosch dwaan sûnder Leon Hese en Oguzhan Türk. Beide spilers waarden yn de thúswedstryd tsjin Eindhoven fan it fjild stjoerd. It fuotbalbûn KNVB hat harren foar ien wedstryd skorst.
Hese helle de trochbrutsen Makiavala yn it strafskopgebiet ûnderút, wat him in direkte reade kaart oplevere. Türk krige tsjin Eindhoven twa giele kaarten - de lêste yn blessueretiid - en moast dêrtroch ek mei read fan it fjild.