PvdA wol prate oer knip Goutum

16 aug 2011 - 12:22

De PvdA yn de ried fan Ljouwert wol prate oer de plannen om in knip mei kearlus oan te lizzen yn de Buorren fan Goutum. De gemeente wol in knip oanlizze om slûpferkear tsjin te gean en hat dat oerlein mei Doarpsbelang.

De oanlis fan de knip soe yn septimber begjinne moatte. Mar no't de gemeenteried in petysje krigen hat fan in groep krityske Goutumers dy't tsjin de knip binne, fynt de PvdA dat de gemeenteried nei de plannen sjen moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)