Appelskea:Fjouwer dagen fytse

16 aug 2011 - 10:22

Hûnderten fytsers fytse de kommende dagen tochten troch it Drintsk-Fryske Wâld en it polderlânskip. Om healwei njoggenen is tiisdei yn Appelskea in fytstocht fan fjouwer dagen út ein set fan 25 oant 65 kilometer.

Foar de tocht hawwe harren twatûzen fytsers ynskreaun. Dielnimmers koene harren oant 'e middeisoere ta oanmelde. De ynskriuwing begûn rêstich fanwege de rein, mar yn de rin fan de moarn melden har mear minsken oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)