Undersyk oanfarring skûtsjes

16 aug 2011 - 10:06

De IFKS docht ûndersyk nei de oanfarring fan de Raerder Roek mei de Lytse Lies, moandei op 'e Iselmar by Starum. Der wurdt praat mei alle belutsenen oer hoe't it gien is. De skippers en de bemanning kinne dêr mooglik wat fan leare en nije oanfarrings tefoaren komme.

De Lytse Lies hie troch de oanfarring in soad skea. Tiisdei wol de Lytse Lies wol wer meidwaan. Twa bemanningsleden rekken ferwûne troch de klap. Foar harren is ferfanging fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)