Switser rydt fierste hurd
De plysje hat moandei op de grutte dyk by De Jouwer in man út Switserlân bekeurd foar te hurd riden. Dêr waard kontrolearre mei in lasergun.
De Switser kaam foarby mei in gong fan 181 yn de oere. Dêr mei net hurder riden wurde as 120. De man hat in proses-ferbaal krigen.