Nijbou by 't Wad yn Harns

De gemeente Harns jout grien ljocht foar nijbou by de monumintale basisskoalle 't Wad yn it sintrum fan de stêd. No stean efter de skoalle noch trije needlokalen en der is ek noch in bygebou oan de Hofstraat. De skoalle hat 260 learlingen en wol al lang nijbouwe. It gebou fan 't Wad komt út 1929 en is boud yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle.
It gebou liket yn de fierte wat op in skip en dêr wurdt by de nijbou fierder op trochborduerd.