Kalme moandei op de beurs

15 aug 2011 - 18:24

Yn tsjinstelling ta ferline wike wie moandei in rêstige dei op de beurs mei in fierder foarsichtich herstel fan de AEX. De Amsterdamske beurs kaam út op 293,70, 0,6 % mear as ferline wike freed. It ferlies fan de ôfrûne wiken is dêrmei wer foar in stik goedmakke.

Neffens Han Wessels fan de Friesland Bank wie it in rêstige dei omdat de hannelers ôfwachtsje wat de Europeeske top fan Angela Merkel en Nicolas Sarkozy tiisdei opsmyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)