Opera Jan Tekstra yn Carré

foto: Reyer Boxem
Jan Tekstra en Annemaaike Bakker spylje op 18 augustus yn Carré mei de Drintske Bluesopera. Tiisdei set de kaartferkeap foar de foarstelling yn it Amsterdamske teater út ein. Tekstra en Bakker trede no ek op mei de iepenloftfoarstelling by it Drintske Gieten. It stik giet oer it libben op it plattelân en it is in grut súkses.
Alle fyftjin foarstellings binne útferkocht. De ferwachting is dat de foarstelling yn Carré ek gau útferkocht wêze sil.