Swimfesthûntsje wer by baas

15 aug 2011 - 17:29
  • Foto's: Omrop Fryslân

It hûntsje dat moandeitemiddei binnenbrocht is by biste-opfang De Nomadenhof yn Snits is wer werom nei de eigners. De boatsjeminsken út Stedskanaal wiene it hûntsje kwytrekke. Se hiene noch nei him socht, mar koene him net fine. In jonge dy't tusken De Jouwer en Snits fear, seach de hûn mei it swimfest en brocht him nei de biste-opfang.

De eigners fan de hûn binne troch de plysje trochferwiisd nei de opfang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)