Protest tsjin kampus op Skylge

Ynwenners fan West-Skylge besykje de bou fan de nije kampus fan de seefeartskoalle op Skylge te kearen. Neffens de omwenners wol de gemeente yn de bosk tusken hotel Skylge en Hotel Europa de nije kampus mei 280 wenromtes bouwe.
Om harren soargen dêroer dúdlik te meitsjen waard moandeitemoarn in petytsje mei 160 hantekens oanbean oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.