Lytse Lies swiere averij

15 aug 2011 - 15:38

It skûtsje de Lytse Lies fan De Gaastmar hat grutte skea nei in oanfarring mei de Raerder Roek fan Raerd. De Roek woe achter de Lytse Lies del, mar botste der boppe-op. Twa spanten oan de linkerkant binne nei binnen bûgd. It skûtsje is dêrtroch lek rekke.

By de oanfarring binne moandeitemiddei twa minsken ferwûne rekke, ien oan de holle en ien oan de skonk. Der is ek in man oerboard slein troch de klap. Dy is net ferwûne rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)