Twa ferwûnen by skûtsjesilen

15 aug 2011 - 15:34

By it skûtsjesilen op de Iselmar binne moandeitemiddei twa minsken ferwûne rekke. Twa skûtsjes botsten yn de wedstriid opinoar. It giet om de Raerder Roek fan Raerd en de Lytse Lies fan De Gaastmar. By de Lytse Lies rekke troch de klap in man oerboard. Dy is sûn wer oan board kaam. Twa oaren opfarrenden binne ferwûne. Ien oan de holle en ien oan de skonk.

De traumahelikopter en twa ambulânses ferliene help. Op de Raerder Roek binne gjin ferwûnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)