Rottefalle nij doarphûs letter

15 aug 2011 - 12:42

De Rottefalle krijt foarearst gjin nij doarpshûs. Der is jierren wurke oan in plan foar in doarpshûs mei duorsume materialen. Mar de gemeente Smellingerlân, dy't twa tredde fan de kosten betellet, fynt dat it doarpshûs te grut wurdt. Der is ek ûndúdlikens oer de eksploitaasjekosten.

De plannemakkers moatte no it bouplan lytser meitsje en nochris goed sjen nei de kosten. Foar de ein fan dit jier moat dat klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)