Gruthannel út Makkum wei

15 aug 2011 - 11:48
  • Gruthannel Bergma yn Makkum
  • It leechsteande gebou fan Bylsma yn Frjentsjer (foto's: Omrop Fryslân)

Gruthannel Bergsma yn Makkum ferhuzet nei Frjentsjer. It bedriuw dat oan ûnder oare de hoareka en tankstasjons produkten leveret, komt yn it gebou fan it eardere meubelfabryk Bylsma. By Bergsma wurkje hûndert minsken. Dy wenje foar it grutste part yn Makkum.

Bersma hie plannen foar útwreiding yn Makkum sels. Mar omwenners woene dat net en stapten nei de Rie fan Steat. Op dy útspraak wol de direksje net wachtsje, sadwaande de ferhuzing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)