Swangere frou rydt sleat yn

15 aug 2011 - 11:38

In frou yn ferwachting is moarndeitemoarn op de Wâldwei mei de auto yn de sleat bedarre. Se ried fan Garyp nei Ljouwert. Nei't se de Fonejachtbrêge foarby wie, rekke de bestjoerster de macht oer it stjoer kwyt.

De frou koe sels út de auto komme. Se hie lêst fan de holle en fan de rêch. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De rjochter rydbaan waard foar koarte tiid ôfset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)