Bedriging mei mes

In 42-jierrige man út Sweagerbosk is snein oanhâlden nei't er in plysjeman mishannele en mei in mes bedrige hie. De plysje wie nei syn hûs riden om't de man op de Bjirkewei by Twizel pealtsjes omriden hie. In tsjûge joech syn kenteken troch. De man wie dronken, stelde de plysje fêst.
De man waard agressyf en joech ien fan de plysjes in dúst mei de earmtakke. Dêrnei pakte er in mes út de keuken. Doe't de plysje mei pepperspray drige, woe de man wol om lyk.