Fritz Korbach ferstoarn

14 aug 2011 - 17:42
  • Fritz Korbach ferstoarn

Fritz Korbach is snein hastich ferstoarn oan in hertoanfal. De âld-trener fan ûnder oare Cambuur, SC Hearrenfean en Harkemase Boys hie kielkanker en net lang mear te libjen. Hy is fiif kear mei in klup promovearre nei de earedivyzje. Hy wie fan 1968 oant 2007 aktyf as trener yn it betelle fuotbal by tal fan klups.

Fritz Korbach is yn 1945 berne. Hy hie in Nederlânske mem en in Dútske heit. De 66-jierrige Korbach wie in kleurryk man mei in soad humor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)