Utstalling fan Sjoerd Janzen

Yn Easterbierrum komt in útstalling mei wurk fan Sjoerd Janzen. Dizze keunstner reizge in soad en makke yn ferskate lannen grutte tekeningen en skilderijen. Seis jier lyn is Janzen ferstoarn.
Yn in pleats yn syn berteplak Easterbierrum wurde tal fan syn keunstwurken ophong. Boppe it alter fan de tsjerke yn Easterbierrum komt in grutte tekening, 'Das Abendmahl'. De útstalling wurdt snein oer in wike iepene.