Achterfolging yn Ljouwert

14 aug 2011 - 12:17

Twa Ljouwerters (21 en 23) binne sneontenacht nei in achterfolging oanhâlden. Se rieden mei hege faasje oer de Anne Vondelingwei yn Ljouwert.

Se hiene de kentekenplaten fan de auto ôfdutsen mei kranten. Doe't de plysje besocht de snelheid fan de manlju te mjitten, naaiden se fol gas út. Nei in achterfolging op yndustryterrein De Hemrik koene se klemriden wurde. De bestjoerder hie tefolle drank hân en mocht net ride. Hy is yn de sel set, de byrider mocht nei ferhoar nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)