Boek oer Harnzer brêgen

14 aug 2011 - 11:47

De brêgen yn Harns steane sintraal yn in boekje fan de feriening Ald Harns. Harnzer Alfons Willekes sette alle brêgen, pipen en dûkers yn de stêd op de foto. Fan dat materiaal, oanfuld mei in tal foto's dy't fan 't winter makke binne, is in fotoboek gearstald.

It boek wurdt ein augustus presintearre en komt út yn de searje 'Harlingen mien stadsje'. Yn dy rige ferskynden earder al seis boekjes oer Harns, bygelyks oer skipswerf Welgelegen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)