Oare urginsjeregeling Skylge

14 aug 2011 - 10:22

Wenningstichting Pierre Louis op Skylge hat de urginsjeregeling foar it tawizen fan wenningen oanpast. Dat is dien omdat de bepalingen foar minsken dy't om medyske redenen fuortdaalk in wenning nedich hawwe net dúdlik wiene.

Allinne minsken fan wa't it hjoeddeiske hûs net oanpast wurde kin oan de omstannichheden kinne no gebrûk meitsje fan de urginsjeregeling. Dy jildt ûnder oare ek foar minsken dy't troch brân troffen binne en minsken dy't in bedriuwswenning út moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)