Anne de Vries wint FK springen

13 aug 2011 - 16:35

Anne de Vries fan Broeksterwâld is sneon Frysk kampioen springen yn de ZZ-klasse wurden. Mei it hynder Wendy ried er as iennige sûnder flaters op De Gordyk. Dêrtroch wie der gjin barraazje nedich om ta in winner te kommen. Joukje van der Meer, dy't mei twa hynders oan de start stie, einige as twadde. Dat die se mei it hynder Heechhiem's Whitesox.

In tal grutte nammen lykas Nathalie van der Meij, Folkert Kelderman en Hans de Vries die net mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)