Man ferwûne op Wâldwei

13 aug 2011 - 15:33

In man (24) út Poppenwier is op de Wâldwei by Drachten ferwûne rekke by in ûngelok. Hy rekke de macht oer it stjoer kwyt, nei't er in auto ynhelle hie. Hy skeat yn de berm en bedarre yn in sleat.

De brânwacht moast der oan te pas komme om it slachtoffer út de auto te heljen. Hy is mei ferwûnings oan de rêch en in skonk nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)