Frou wint swimtocht Iselmar

13 aug 2011 - 15:15

Bianca de Bruin út Zwijndrecht hat it maratonswimmen fan Starum nei Medemblik wûn. Se die 4 oeren, 58 minuten en 46 sekonden oer de 22 kilometer. By de manlju wûn Daan Glori fan Amsterdam. Hy die der krekt wat langer oer as De Bruin, mei 5 oeren, 10 minuten en 42 sekonden. Oan de maraton diene ek in Belch en in Meksikaanse mei. Se binne útfallen.

Sa'n 15 minsken wiene sneon by de start. De tocht wie foar de 42e kear organisearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)