Urkers mishannelje Lemster

13 aug 2011 - 13:55

De plysje hat op De Lemmer fjouwer ynwenners fan Urk oanhâlden fanwege in mishanneling. De fjouwer (16, 18, 19 en 23 jier) soene by in disco yn it doarp in ynwenner (26) fan De Lemmer mishannele hawwe. Dy is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

De Urkers binne meinaam nei it buro en sitte dêr noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)