Man stoarn nei botsing

13 aug 2011 - 13:09
  • (foto: Tino Broekstra/HVNieuws)

In ynwenner (76) fan Donkerbroek dy't freedtemiddei by syn wenplak op in ambulânse botste, is ferstoarn. De man remme by it oerstekken fan in krusing net foar de ambulânse dy't mei swaailjochten en sirene oan ried. Hy is swierferwûne oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. Dêr is er oan syn ferwûnings ferstoarn.

De ambulânsemeiwurker wie ûnderweis nei in ûngelok by Noardburgum. Dêr rekke in fytser (83) út Burgum swier ferwûne by in oanriding mei in auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)