Merke Appelskea giet oer

13 aug 2011 - 12:54

De simmermerke fan Appelskea giet dit jier net troch. De eksploitant hat him fersind yn de datum. Hy koe gjin attraksjes fine om yn Appelskea te stean. Foar de aktiviteitekommisje fan Appelskea is it in finansjele strop.

De kommisje ferhiert de grûn en fertsjinnet dêr jild mei foar it organisearjen fan oare aktiviteiten. De merke soe hâlden wurde fan 17 oant en mei 21 augustus. De kommisje sil alle war dwaan om takom jier de kermis al trochgean te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)