Groep swimt Iselmar oer

13 aug 2011 - 12:17

Sa'n 15 minsken swimme sneon fan Fryslân nei Noard-Hollân. Yn dit iepen NK maratonswimmen lizze se 22 kilometer ôf fan Starum nei Medemblik oer de Iselmar. De tocht wurdt foar de 42e kear organisearre.

De start wie om 9.00 oere. Neffens de foarsitter fan de Compri Swimmaraton wurdt gjin rekôr brutsen om't der te folle wyn stiet. Nei ferwachting komt de earste swimmer nei sa'n fjouwer of fiif oeren oan yn Noard-Hollân. Der swimme ek in Belch en Meksikaan mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)