Hepie en Hepie nimme ôfskie

It duo Hepie en Hepie hat de lêste single útbrocht. It giet om it nûmer 'Ik geloof in jou en mij'. Mei de single komt der in ein oan in karriêre fan tritich jier, dêr't de twa ûnder oare bekend waarden mei 'Ik lig op mijn kussen stil te dromen' en 'Ik heb alleen nog maar die foto'. Mooglik komt der ek in sammel-cd út.
Hepie en Hepie stiene yn har karriêre lang net altyd tegearre op it poadium. Fanwege ûnderlinge rûzjes hawwe de twa ek jierren út elkoar west.