Gjin goud foar siler Postma

12 aug 2011 - 17:45

Siler Pieter Jan Postma hie freed net in al te bêste dei by de pre-Olympyske wedstriden yn it Ingelske Weymouth. Postma ferspile syn kâns op it goud yn de Finn troch in 2e en 15e plak op de lêste wedstryddei. Favoryt Ben Ainslie út Ingelân wûn beide races en is yn de finalerace net mear yn te heljen. Postma stiet noch wol twadde, mar moat der sneon wol foar sile.

Marit Bouwmeester fan Warten wie al wis fan de winst yn de Laser Radial klasse. Yn de medaljerace waard se 8e.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)