Omrin wegeret opdracht Napels

12 aug 2011 - 16:41

Offalferwurker Omrin hat nee sein tsjin in fersyk út Italië om 250.000 ton ôffal yn de REC yn Harns te ferbaarnen. Italië hat grutte problemen mei de ferwurking fan ôffal yn de stêd Napels. Dêrom wurdt it bûtenlân om help frege.

De oven yn Harns is de kommende fiif jier folboekt mei ôffal út Fryslân. Der wurdt 228.000 ton ôffal yn it jier ferbaarnd. Dat komt foaral fan de ôffalskieding yn Aldehaske. Omrin hat it dêr opslein foar de ôffaloven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)