Lieuwe Westra wol rêst nimme

12 aug 2011 - 16:30
  • Lieuwe Westra

Lieuwe Westra hat nei syn ôfstappen yn de Eneco Tour bloed prikke litten by de dokter. Al sûnt it begjin fan de rittekoers troch Nederlân en België is er net yn foarm.

Westra wol no earst rêst nimme om op 'e nij yn topfoarm te kommen. Syn belangrykste wedstriid yn it neiseizoen is it wrâldkampioenskip tiidriden. Dat is op 21 septimber yn Kopenhagen yn Denemarken. De kommende dagen sil Westra thús op De Tynje bykomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)