Tûvalû wiis mei Foppe de Haan

Foto: Twitter Vrienden Tuvalu
Foppe de Haan hat syn earste oefenwedstriid mei it team fan Tûvalû wûn. Tsjin it eilânteam fan Nukulaelae waard it 6-1. It oefenduel waard spesjaal foar De Haan organisearre om te sjen hoe't de spilers fan Tûvalû derfoar stean.
De Haan kaam tongersdei oan op de eilannegroep yn de buert fan de Fiji-eilannen. De Fryske trainer is op Tûvalû om it eilân klear te stomen foar de Pacific Games. Dy binne letter dizze moanne yn Nij-Kaledoanië.