Fryske bou-leezjes gemiddeld

Foto: Omrop Fryslân
Fryske gemeenten sitte oer it algemien ûnder it lanlik trochsneed yn de kosten fan boufergunnings. Dat docht bliken út ûndersyk fan de belangeferiening fan huzebesitters, de Vereniging Eigen Huis. Dy hat argewaasje fan de grutte ferskillen yn tariven dy't gemeenten rekkenje.
Leiden freget bygelyks foar in lytse boufergunning 35 euro en Lopik 841. Yn Fryslân binne Littenseradiel en It Bilt it djoerst. Dêr kostet in lytse fergunning goed 400 euro.