Himpkwekerij Grinslân oprôle

12 aug 2011 - 10:13

De arrestaasje fan in ynwenner fan Langsweagen hat de plysje laat nei in himpkwekerij yn Warffum, Grinslân. De 60-jierrige Langsweagemer waard moandei oanhâlden. Hy waard socht yn in ûndersyk nei profesjonele himpkwekerijen. Yn ferbân dêrmei waarden yn july op in fakânsjepark yn Bontebok ek al fiif fertochten oppakt. Dêr waard ek in pistoal en in hângranaat fûn.

De plysje tinkt dat der mooglik mear oanhâldings komme yn 'e saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)