Ruten Ankers ynsmiten

12 aug 2011 - 09:59
  • Foto: Eduard Rekker, Omrop Fryslân

In man fan 48 jier út Ljouwert is tongersdeitenacht oanhâlden foar fernielerij. Hy hie by advokatekantoar Anker & Anker oan de Ossekop yn Ljouwert alle nachten ien rút ynsmiten. Dat die er acht kear. It is net bekend wêrom't er dat dien hat.

Tsjûgen seagen dat de man in bakstien smiet en se warskôgen de plysje. Dy wie der gau by en koe de man oppakke. Hy sit fêst en wurdt ferheard. It kantoar hat wol faker te krijen mei haatmails, mar net mei rútynsmiterij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)