Waar spulbrekker Snitswike

12 aug 2011 - 06:14
  • Snitswike (foto: Douwe Jan Gorter)

De Snitswike hat dit jier in soad lêst hân fan it minne waar. De hoarekasaken yn de stêd hiene folle minder omset as oare jierren. Guon kafees helje yn de Snitswike yn in goed jier wol tweintich prosint fan de jieromset.

It eksperimint mei de elektrykse shuttlebuskes is wol tige goed ferrûn. Dit jier wie der in proef om besikers in rûnrit troch de stêd te jaan mei elektryske bussen. Alle dagen makken hjir sa'n 400 besikers gebrûk fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)