TBS'er meldt him yn Ljouwert

11 aug 2011 - 23:00

De plysje hat tongersdeitejûn in ûntsnapte tbs'er oanholden yn Ljouwert. De 48-jierrige man siet yn in klinyk yn Poortugaal, mar naaide tongerdeitemoarn út yn Hoogvliet. Hy wie dêr op proefferlof. De man hat him lykwols sels wer meld op it plysjeburo oan de Gardenierswei yn Ljouwert.

De tbs'er is nei de sel brocht en sil freed oerdroegen wurde oan it Iepenbier Ministearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)