SCO fierder mei trije trainers

Kuorbalferiening SCO fan Aldeholtpea hat Robin van Dalen ree fûn om kommend seizoen op te treden as haadtrainer. Hy krijt stipe fan Bauke de Vries en Hillebrand Diever. Dat is nedich, omdat eins net ien fan dy trije manlju yn ferbân mei it wurk genôch tiid frijmeitsje kin foar de funksje fan haadtrainer.
It finen fan in folslein nije trainer is neffens it bestjoer fan SCO ek net helber. Earder stapte haadtrainer Jan Sjoerd Pool op.