Himsterhout benaud foar gaos

Bewenners fan de wyk Himsterhout yn Drachten binne benaud foar in ferkearsgaos as der in berne-opfang mei 64 plakken komt. Der soe noait genôch plak wêze foar âlden dy't har bern mei de auto bringe wolle.
In projektûntwikkeler hat syn each falle litten op in frije kavel yn de wyk. Offisjeel mei dêr gjin berne-opfang komme, mar de buertbewenners sizze dat de gemeente al foarsichtich sein hat dat der wol tastimming foar komt.