Jenni de Groot is oer de helte

Ultrarinster Jenni de Groot út Ljouwert moat noch 18 etappes rinne yn de Footrace fan Los Angeles nei New York. Mei-inoar hat De Groot no 2763 kilometer ôflein fan de goed fiiftûzen.
De Groot docht net mear mei foar it einklassemint. Se hat in pear etappes sjitte litte yn ferbân mei it waarme waar. De ôfrûne wiken hat se wer in soad kilometers makke. Op it stuit rint se yn de steat Indiana. Ein augustus is de lêste etappe.