Ruurd Walinga makket CD

Ruurd Walinga (foto: Daniel Hartog)
De Fryske kabaretier Ruurd Walinga hat foar it earst in CD makke mei lietsjes út syn foarstellings. Op 2 septimber sil dy presintearre wurde yn de tsjerke fan Jorwert. Walinga hat in skoft oan syn CD wurke. Mei-inoar komme der 14 lietsjes op te stean út alve foarstellings.
Walinga hat mei opsetsin foar Jorwert keazen om syn CD te presintearjen. Dat doarp waard bekend troch it boek 'Hoe God verdween uit Jorwert'. Walinga wol God nei Jorwert werombringe.