Vierkant Harns wurdt feiliger

11 aug 2011 - 12:23

Nei in ûngelok mei in famke fan 't maitiid nimt de gemeente Harns maatregels om foar te kommen dat bern noch langer yn de pilaren fan multyfunksjoneel sintrum Het Vierkant klimme kinne. De metalen pilaren sitte oan de foarkant mei spantriedden der tusken. Bern kinne dêr maklik opklimme. Yn maaie foel in famke (9) nei ûnderen en rekke ferwûne.

No wurdt de ûnderkant hielendal ôfdutsen mei metalen platen. Bern kinne dan net mear omheech klimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)